woensdag 5 maart 2008

Hie ik in beam west Theun de Vries


Hie ik in beam west
Dan hie ik stean wollen
Oan ien fan dy lytse tsjerkhôven
Omheind efter mânske liguster.

Dêr komme hja dan sneintemiddeis
Om nei de sarken te sjen,
Wat wylde gerzen wei te roppen
Of moas fan in namme te skrabjen.

Ik woe harren wat tanúnderje
Sûnder dat se it fernamen,
En ien dy't it langst bleau
Ienlik, ûnferweechlik op har bank,
Dimmen beskaadzje.


Theun de Vries (1907-2005)

Geen opmerkingen: