Posts tonen met het label Fries. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Fries. Alle posts tonen

zaterdag 11 juni 2011

zaterdag 25 december 2010

Sprokkels

Ik bin erchtinkend oangeande minsken, dy’t grut wurden binne yn in tonne en noait oars dien hawwe as troch in gatsje sjen.
Douwe Kootstra

Ik wantrouw mensen die groot zijn geworden in een ton, en nooit iets anders hebben gedaan dan door een gaatje kijken.

zaterdag 9 augustus 2008

Hûs fan stilte

Lit ús in hûs fan stilte bouwe,
mei muorren fan leafde
en in dak fan frede,
mei keamers fol blydskip
en in tún,
in tún
mei wat ljocht
en wat skaad,
mei wat sjongende fûgels
en in slûgjende kat op it paad.

Lit ús in hûs fan leafde bouwe,
mei muorren fan begryp
en in dak fan fertrouwen
en in hiem om te sintsjen
en keamers,
keamers
om yn te ferdwinen,
elkoarren te sykjen,
elkoarren te finen

Lit ús in hûs fan stilte bouwe.

Tsjits Peanstra

maandag 7 april 2008

zaterdag 22 maart 2008

Nei in grinsleaze waarmte

Soest opstige fan 'e kâlde grûn
it ierdske lizze litte
de dei ôfskodzje
it smûgjend bestean skjinwaaie.

Woest dy bleatjaan
oan streamen fan ier ljocht
yn in nije kosmos
- blau, sjoch hoe blau -
woest dy iepenteare
yn loften fan libben.

Kinst net loskomme
del slacht de dei
yn domwei fuortbestean
bist bûn yn 'e sirkel
fan koartsichtigens
kinst net frij wurde
fan tefolle ierde.

Koest mar opstige út de âlde grûn
en wolkens iepenbrekke
nei in grinsleaze waarmte.

Naar een grenzeloze warmte

Je zou opstijgen van de koude grond
het aardse laten liggen
de dag afschudden
het zelfvoldane bestaan schoonwaaien.

Je wilde je blootstellen
aan stromen van vroege lucht
in de nieuwe kosmos
- blauw, zie hoe blauw –
je wilde je openvouwen
in luchten van leven.

Je kan niet loskomen van
de dag slaat neer
in domweg voortbestaan
je bent gevangen in een cirkel
van kortzichtigheid
je kunt niet niet vrij worden
van teveel aarde

Kon je maar opstijgen uit de oude gronden
wolken openbreken
naar een grenzeloze warmte.

Jelle Bangma (1955-) De twadde sirkel – gedichten en ferhalen, Frysk en Frij, Ljouwert 1993.

woensdag 5 maart 2008

Hie ik in beam west Theun de Vries


Hie ik in beam west
Dan hie ik stean wollen
Oan ien fan dy lytse tsjerkhôven
Omheind efter mânske liguster.

Dêr komme hja dan sneintemiddeis
Om nei de sarken te sjen,
Wat wylde gerzen wei te roppen
Of moas fan in namme te skrabjen.

Ik woe harren wat tanúnderje
Sûnder dat se it fernamen,
En ien dy't it langst bleau
Ienlik, ûnferweechlik op har bank,
Dimmen beskaadzje.


Theun de Vries (1907-2005)